top of page

Wy fine dat sûn libben tagonklik wêze moat, nettsjinsteande leeftyd of ynkommen. Dêrom SKYLD. In produkt dat eltsenien betelje en begripe kin.

SKYLD -
in krêftbron ferklaaid as ferwennerij.

Wêrom SKYLD Skiepemolke-iis?

It soarchsysteem rint tsjin syn grinzen oan troch in tanimmend oantal minsken mei chronyske wolfeartssykten troch in ûnsûne libbensstyl.

raket schapen
schapenmelkijs
tall ice cream.jpg
ijs container front

Iis wêr'tst fan trochbliuwst iten.

vitamine A, B12, B2

 

spieren

 

weerstand

 

bloedtoevoer

 

botten

 

energiehuishouding

 

opname voeding    

 

bloedvaten

 

spieronderhoud

hart, ogen, & brein

De basis fan SKYLD is skiepemolke. Mei in heger fet- en aaiwytgehalte as koemolke en in sêfte, swiete smaak.

 

Skiepemolke is makliker te fertarren troch de oanwêzigens fan lytse fetballetsjes en minder laktose.

It is ryk oan fitaminen en mineralen lykas kalsium, fosfor en sink, wat bydraacht oan sterke bonken en in goed ymmúnsysteem.

wijs schapen

Wiis iis.

Mar SKYLD befettet noch mear supplementen, fitaminen en mineralen. 9 om krekt te wêzen.

 

Bygelyks 20 gram aaiwiten. Neffens it Fiedingssintrum is dat in trêdepart fan watst deistich nedich hast as folwoeksene fan 70 kg.

 

Mar sûn iis? Dat kin dochs hielendal net? Nei 3 jier ûndersyk sizze wy mei folsleine oertsjûging dat it wol kin.

Scroll nei ûnderen foar de folsleine list mei yngrediïnten. Of brûk de knop hjirûnder om daliks kontakt op te nimmen.

ijsmaker dark.webp

Us iismaster.

Wiebe de Jong, Iismakker

Opleid yn it walhalla fan de ambachtlike iismakkers, Itaalje. Us iismakker Wiebe de Jong út Dokkum ûntwikkele foar SKYLD in unyk resept.

 

Syn kreative ynslach en Fryske nuchterheid jouwe SKYLD in unike smaakûnderfining. In sûn genot foar in sûner libben.

Se binne bekend om harren rike, romige molkeproduksje, mei in hiel heech gehalte oan fetten en aaiwiten. Ideaal foar SKYLD.

franse schap

Bééééééh, oui.

In Frânsk skiep opgroeid yn Fryslân.

 

Lacaune's binne sterker as oare rassen en passe har makliker oan. Troch yntelliginte fokprogramma's binne se troch de jierren hinne hieltyd sterker wurden, minder gefoelich foar sykte en se brûke minder fieding foar mear en bettere molke.

tall ice cream.jpg
gemaakt met

Asst fan iis giet genietsje, kinst der likegoed fan profitearje.

SKYLD sit fol mei goede dingen wêr't dyn lichem (en geast) nei langet

Skiepemolke is ryk oan voedingsstoffen en biedt unike sûnensfoardielen. It befet mear aaiwiten en sûne fetten as koemolke, wêrtroch it in uitstekende bron fan energie is. Boppedat is skiepemolke makliker te fertarren troch de oanwêzigens fan lytse fetballetsjes en minder laktose. It is ryk oan fitaminen en mineralen lykas kalsium, fosfor en sink, wat bydraacht oan sterke bonken en in goed ymmúnsysteem. Koartsein, skiepemolke is in fiedzaam alternatyf dat sawol lekker as sûn is.

skiepemolke

Aaiwiten stypje prestaasjes, stimulearje spierbehâld en soargje foar herstel en groei. Se helpe ek by gewichtsbehearsking troch gau fersêdzjen te jaan. Benammen âlderen en minsken mei hege aaiwytbehoeften troch yntinsive fysike aktiviteit profitearje fan aaiwytsupplearsje.

aaiwiten

Neist it fersterkjen fan it ymmúnsysteem kin colostrum de sûnens en yntegriteit fan 'e darmen ferbetterje en helpe tsjin luchtweginfeksjes. It is foardielich foar algemien herstel en foar minsken mei gastro-intestinale problemen.

colostrum

Creatine is it meast ûndersocht supplement yn 'e wrâld. It ferbetteret fysike prestaasjes en soarget foar in taname fan spiermassa. Mar creatine kin ek de kognitive funksjes stypje. Dit is foardielich foar âlder wurdende befolkingsgroepen of dyjingen dy't mentale stress ûnderfine.

creatine

Komt foar yn memmemolke, mar spitigernôch hast net yn in gemiddeld dieet. It ferminderet spierôffbraak, kin cholesterol ferleegje en stimulearret hormonen en enzymen dy't spiergroei befoarderje. It is essinsjeel foar it behâlden en opbouwen fan spieren en is in wichtich supplement by âlderdom, sykte of ynaktiviteit.

HMB

Essinsjeel foar bôt sûnens, mar ek foar it foarkommen fan osteoporose. It is benammen wichtich foar post-menopausale froulju en âlderen, dy't in heger risiko hawwe op in kalciumtekoart.

kalcium

Vitamine D3 soarget derfoar dat wy fiedingsstoffen opnimme kinne út iten, it remt ûntstekking en soarget dat jo spieren goed wurkje. Vitamine D wurdt oanmakke troch jo hûd nei bleatstelling oan sinneljocht. It is net allinich krúsjaal yn gebieten of perioaden mei bytsje sinneljocht, mar ek foar minsken mei oergewicht, in tsjustere hûd en foar âlderen mei in fermindere fermogen om vitamine D effisjint te synthetisearjen.

vitamine D

Magnesium is belutsen by wol 300 prosessen yn jo lichem. It is bygelyks wichtich foar jo enerzjyhúshâlding, spieren, bonken, sliep, ûnthâld, bloedglukoazeregeling en konsintraasje. Jo lichem makket it sels net oan en it is dus tige wichtich om der genôch fan binnen te krijen. Benammen foar minsken mei type 2-diabetes, in hege bloeddruk, of as jo chronike stress ûnderfine.

magnesium

Vitamine E is in krêftige anty-oksidant. Supplementearjen kin foardielich wêze foar minsken mei spesifike oandwaningen dy't liede ta malabsorpsje fan fetoplosbere vitaminen. It fersterket ek it ymmúnsysteem. Der wurdt noch in protte ûndersyk dien, mar it stiet fêst dat it jo sellen en weefsels beskermet en dêrtroch ferâldering tsjingean kin.

vitamine E

Omega 3 is benammen goed foar jo hert, eagen en brein. Mar it is ek ûntstekkingremmend. Benammen persoanen dy't net regelmjittich fisk of omega-3-rijke fiedsels konsumearje, dogge der wiis oan om harren kardiovaskulêre en kognitive sûnens, mar ek emosjoneel wolwêzen, te stypjen mei in omega 3 supplement.

omega 3

In soad folwoeksenen hawwe in K2-tekoart. It soarget foar bloedstolling, mar is ek wichtich foar sûne bloedfaten en longen. It stipet jo kardiovaskulêre sûnens en wurket synergetysk mei vitamine D en kalcium foar bonkensûnens.

vitamine K2

ingrediënten

Mei leafde makke yn Fryslân

beste keuze
schapen icon

INHOUD

100G

Energie

Energie

Waarvan Verzadigd

Koolhydraten

Waarvan Suikers

Eiwitten

Zout

195,7 Kcal

817,89 Kj

0,03 G

19,24 G

14,38 G

16,2 G

0,24 G

Ingredienten: schapenmelk, whey (koemelk), suiker, dextrose, maltodextrine, creatine, colostrum, hmb, omega 3, magnesium, vitamine D3 & K2.

 

Allergie info: bevat gluten, schaal- dieren, ei, vis, soja, melk (incl. lactose), mosterd, sesamzaad, sulfiet. 

Gemaakt in Friesland

ijs container top
contact
ice cream scoop

Laten we praten onder het genot van een ijsje.

Bedankt!

bottom of page